Regels Waad net altyd neilibbe

19 maaie 2004 - 00:00

Tefolle rekreanten fersteure noch de natuer yn it Waadgebiet. Dat docht bliken út in evaluaasje. Sûnt in jier meie skippers har boat droechfalle litte op it Waad. De Stuurgroep Waddenprovincies hat doe regels opsteld foar skippers en opfarrenden. Lang net elkenien hâldt him oan alle regels.

De slimste oertredings binne it loslitten fan hûnen yn gebieten dêr't in soad fûgels binne en it meitsjen fan tefolle leven yn dy gebieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)