Service amtners kin better

© Omrop Fryslân
Klachten net goed behannelje, rekkens net op tiid betelje en oanfragen fan subsydzjes min ôfhannelje. Op dy punten kin de tsjinstferliening fan de provinsje better. Dat docht bliken út ûndersyk dat kommissaris fan de Keninginne Nijpels sels dien hat.
Nijpels makke in boargerjierferslach. Neffens de kommissaris kinne de amtners noch in soad dwaan om de tsjinsten oan de Friezen te ferbetterjen.