Hege straf easke foar gizeling

18 maaie 2004 - 00:00

De offisier fan justysje hat tiisdei hege selstraffen easke tsjin trije fertochten fan in gizeling yn Steggerda. Tsjin twa fertochten waard seis jier sel easke en tsjin ien trije jier en TBS. It giet om trije jongeren út Assen. Se gizelen yn desimber in bankmeiwurker en syn húshâlding om sa de klûs fan 'e bank Bercoop yn Aldeberkeap leech te heljen.

Twa fan 'e trije fertochten wiene yn desimber 2003 noch minderjierrich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)