Nijpels lulk op kabinet

18 maaie 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân komt yn ferset tsjin it kabinet, no't dy de stipe oan it noarden skrasse wol. Moandei waard dúdlik dat it regear nei 2006 gjin ekstra jild mear stekke sil yn de trije noardlike provinsjes. It kabinet wol de measte tiid, jild en enerzjy ynsette yn de Rânestêd omdat dêr de measte ekonomyske aktiviteiten plakfine.

Fryslân sil tsientallen miljoenen oan stipe misrinne. Neffens Nijpels is dat yn striid mei ôfspraken út it ferline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)