Eaststellingwerf buorket goed

18 maaie 2004 - 00:00

Nei twa jier fan besunigings is it Eaststellingwerf no slagge om in slutende begrutting foar de jierren 2005-2008 te presintearjen. De kommende jierren wurdt sels ienmalich 70.000 euro stutsen yn wolwêzenssaken. It jild sil ûnder oaren brûkt wurde foar de bou en it efterstallich ûnderhâld fan multyfunksjonele sintra.

Trochdat de begrutting slutend te krijen wie, sille de gemeentlike lêsten no ek minder omheech gean as soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)