Haachske stilte foar Steensma

18 maaie 2004 - 00:00

Yn de Twadde Keamer is tiisdei stil stien by de dea fan de Frjentsjerter militêr Dave Steensma. Fise-foarsitter Ten Hoopen fan de Twadde Keamer neamde Steensma in militêr yn ieren en sinen mei in sterk ferantwurdlikheidsgefoel.

Ut meilibjen mei de famylje fan Steensma waard der yn de Keamer in pear mominten stilte hâlden. Dave Steensma kaam ferline wike moandei yn Irak om it libben by in granaatoanslach. Sneon waard hy yn Frjentsjer begroeven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)