Fryslân moat mear ynnovearje

18 maaie 2004 - 00:00

Fryske ûndernimmers moatte folle mear oan ynnovaasje dwaan om net noch mear ekonomyske efterstân op te rinnen. Dat seit direkteur Frits Migchelbrink fan de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij.

De NOM hat ferline jier foar in rekordbedrach fan 24 miljoen euro ynvestearre yn de noardlike ekonomy. Dochs hat dy ympuls amper nije wurkgelegenheid opsmiten. Om by te bliuwen moatte bedriuwen ynnovatyf wêze en nije produkten ûntwikkelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)