Posteraksje tsjin sâltwinning

© Omrop Fryslân
Tsjinstanners fan de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân krije stipe fan 25 jongeren. Mei in ynteraktive posteraksje litte ferskate groepen sjen dat se tsjin sâltwinning binne. Oer de provinsje ferspraat moatte 1000 posters komme te hingjen.
De aksje stipet it aksjekomitee Laat het zout maar zitten. Dy fiert in rjochtsaak tsjin de sâltwinning fan Frisia yn Harns om't dy boaiemdelgong feroarsaket.