'Leararen moatte inkeld lesjaan'

17 maaie 2004 - 00:00

Bybaantsjes fan leararen moatte ûndersocht wurde. Dat fynt Keamerlid Jacques Tichelaar. Neffens de PvdA-er binne leararen tefolle tiid kwyt oan oar wurk op skoalle as lesjaan. Hy stelt foar dat leararen inkeld lesjouwe en dat oar wurk oerlitten wurdt oaren. Sa kinne ûnderwiisachterstannen better oanpakt wurde.

In skoft lyn kaam ûnderwiisûndersiker Leo Prik op in totaal fan 37 taken dy't dosinten hjoeddei op skoallen útfiere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)