Frou Strikwerda yn sintsje set

© Omrop Fryslân
Wieteke Strikwerda wurdt troch de KNVB huldige. Al mear as 30 jier set frou Strikwerda har as kantinemeiwurkster by SC Hearrenfean mei hert en siel yn foar de klub. It fuotbalbûn traktearret har mei in VIP-behanneling by de Amstel Cup Finale dy't snein spile wurdt.
Mei elkoar alve kantinemeiwurkers fan betelle fuotbalklubs wurde yn it sintsje set. De KNVB docht dat yn it ramt fan de aksje 'Vrijwilligers ontmoeten Vrijwilligers'.