Gemeentlike kamping yn Snitswike

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits set dit jier mei de Snitswike sels in tydlike kamping op. In befeiligingsbedriuw soarget foar it behear. Reguliere kampings sitte faak fol mei de Snitswike.
Partikulieren hienen altyd al twa tydlike kampings, mar dat kin dit jier net mear. De gemeentlike kamping komt op it rekreaasjeterrein De Potten. Foar de oanlis is 53.000 euro beskikber. Mei kampearjild moat 13.000 euro werom fertsjinne wurde.