Kortenhorst: missy Irak ferlinge

17 maaie 2004 - 00:00

De Nederlânske missy yn Irak kin nei july gewoan ferlingd wurde. Dat fynt Twadde-Keamerlid Kortenhorst. De CDA-er is krekt werom út Irak. Hy wie mei oare keamerleden op besite by de Nederlânske militêren.

Neffens Kortenhorst is der gjin panyk ûnder de soldaten ek al nimt it geweld hieltyd mear ta. Se geane profesjoneel om mei it ferlies fan kollega Steensma. De keamerleden fan de PvdA en SP fine wol dat de militêren nei hûs ta moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)