Sylster De Jong nei Atene

17 maaie 2004 - 00:00

Yngling-sylster Petronella De Jong hat har dit wykein kwalifisearre foar de Olympyske Spullen. Se die dat troch mei har sylmaten Annelies Thies en Annemieke Bes sande te wurden op de wrâldkampioenskippen yn it Spaanske Santander. It spande der om foar de froulju, want it sande plakje wie krekt foldwaande foar in Olympysk startbewiis.

Petronella de Jong komt fan Sint Jabik, Thies en Bes wenje yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)