Snitser oanhâlden nei botsing

© Omrop Fryslân
In Snitser (58) is snein oanhâlden nei in oanriding yn Wâldsein. De man ried achter in 25-jierrige autobestjoerder út Grou. Dy stie stil foar in krusing. De Snitser seach dat te let en botste by de Grouster op.
It die bliken dat de Snitser drank op hie en gjin jildich rydbewys hie. Boppedat wie de auto net fersekere en wie der gjin jildige APK. De Snitser hie ek noch trije feroardielings iepen stean. Hy is ynsletten.