Diskusjejûn D66 oer gasboarjen

16 maaie 2004 - 00:00

De Twadde Keamer-fraksje fan D66 komt nei Fryslân om te praten oer it boarjen nei gas yn de Waadsee. Koartlyn makke de fraksje bekend net langer tsjin it gasboarjen te wêzen. Wol wurde in tal betingsten steld.

Ut in enkête ûnder de Fryske D66-leden die bliken dat ek dy net ôfwizend tsjin it boarjen nei gas op it Waad stean. Om't it bestjoer fan D66-Fryslân wol altiten tsjin wie, sil der dizze moanne in diskusjejûn organisearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)