'Wer hagepreken yn Wytmarsum'

© Omrop Fryslân
By it Menno Simons-monumint by Wytmarsum moatte wer hagepreken hâlden wurde. Dat wol de stifting 'Doopsgezinde Monumenten Fryslân'. De stifting hat grutte plannen mei it gebiet om it monumint hinne. Dat wurde ynkoarten restaurearre om't it skeef sakke is.
Nei't de obelisk restaurearre is, soe dêr neist in skelet fan de tsjerke boud wurde moatte. Dy tsjerke waard yn 1878 ôfbrutsen. De kosten binne 70.000 euro.