Brân op Skylge

© Omrop Fryslân
De brânwacht op Skylge hat de hannen fol hân oan it bestriden fan in brân op de Boskplaat. Yn it natuergebiet baarnde sneon en snein 40 hektare dúngers ôf. De brân like sneontejûn ûnder kontrôle, mar troch de wyn lôge it fjoer sneintemoarn opnij op.
Om't de brânwacht net mei auto's by it sintrum fan de brân komme kin, waard in helikopter ynskeakele. De reek wie sneon yn in grut part fan Fryslân te sjen en te rûken.