Slim ûngelok by It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Lúkswâld is yn de nacht fan freed op sneon slim ferwûne rekke by in ûngelok op de sneldyk by It Hearrenfean. De man rekke mei syn bestelbus yn de berm. Hy stjoerde by, mar skeat doe oan de oare kant tsjin de fangrail.
Dêr kantele de bestelbus en it slachtoffer waard út de bus slingere. De man út Lúkswâld rûn slimme ferwûnings oan 'e holle op. Hy is opnaam yn it Akademysk Sikehûs yn Grins.