De Jong koerst nei Athene

© Omrop Fryslân
Petronella de Jong fan Sint Jabik leit op koers nei Athene. Mei Annelies Thies en Annemieke Bes stiet se nei njoggen wedstriden tred op it WK yn Santander yn de Yngling-klasse. In tredde plak jout rjocht op de Olympyske Spullen.
Sneon wurdt de lêste en beslissende wedstriid syld. Oan kop stiet it Deenske team Jensen, Jespersen en Kiel. Twad stiet it team út Amearika. De Nederlanners Hin, Zuiderbaan en Buis steane sande.