FNP wol diskusje oer nota romte

© Omrop Fryslân
De FNP komt mei in diskusjefoarum op ynternet oer de nije nota romte fan it Ryk. Mei de nije webside wol de partij troch polls en in diskusjeplatfoarm de Fryske boarger belûke by it debat oer dizze nota. De earste poll giet oer de haven fan Harns.
Johannes Kramer, foarsitter fan de Steatefraksje, presintearre it digitale platfoarm freed by de algemiene ledegearkomste yn Wurdum. De side is werom te finen op www.notaromte.fnp.nl.