Wetternammen net ferfryskje

15 maaie 2004 - 00:00

B en W fan Snits fiele der neat foar om de nammen fan de wetters yn de gemeente te ferfryskjen. Alle wetters yn Snits ha in offisjele Nederlânske namme.

Neffens it kolleezje soe it tefolle betizing opsmite as de nammen oerset wurde. Ynwenners en besikers kenne de Nederlânske nammen. It soe te lang duorje foar't se oan de nije nammen wend binne. Boargemaster en wethâlders stelle de ried wol foar by om by nije wetters foar Fryske nammen te kiezen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)