Makkum ferliest 2 ryksmonuminten

© Omrop Fryslân
Makkum ferliest meikoarten mooglik twa ryksmonuminten. B en W stelle de ried foar de monumintestatus fan de gebouwen oan de Voorstraat 1 en 3 ferfalle te litten. Troch brân ha se skea oprûn en it waar soarge foar fierdere achterútgong. De gemeente hat oant 2009 gjin subsydzje foar in opknapbeurt.
De eigner hat dêrom frege de status fan monumint ferfalle te litten. B en W fine dat goed. De ried nimt der ein maaie in beslút oer.