Frou omkommen by ûngelok

15 maaie 2004 - 00:00

In 63-jierrige frou út Bûtenpost is freedtejûn om it libben kaam by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer waard op 'e fyts op de dyk De West oanriden troch in auto.

De 20-jierrige automobilist, ek út Bûtenpost, koe de fytsster net mear ûntwike. Se ferstoar op it plak sels oan de ferwûnings. De dyk hat nei it ûngelok in skoft ôfset west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)