Ten Haaf yn 'Sportman f/d Ieu'

© Omrop Fryslân
Jochum ten Haaf spilet de haadrol yn de Frysktalige film 'Sportman fan de Ieu'. De âld-akteur fan it Noord Nederlands Toneel hie de lêste jierren sukses yn Londen en Broadway mei syn fertolking fan Vincent van Gogh. Hy spilet foar it earst in grutte rol op it wite doek.
De film fertelt it ferhaal oer de Fryske pealsitter Taeke. Hy moat kieze tusken syn favorite sport en syn grutte leafde. It wurdt neffens Ten Haaf in soarte fan Fryske 'Gone with the Wind.'