Famke stoarn yn Penjum

15 maaie 2004 - 00:00

In famke (6) út Penjum is freed om it libben kaam by in ûngelok. Se boarte mei har suske mei in bal op in plein yn Penjum. De bal kaam yn de buert fan in karre mei twa grutte ierpelkisten. Doe't it famke de bal pakke woe, foel in kiste fan de karre. It famke kaam der ûnder. Se is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Hoe't de kiste fan de karre falle koe, wurdt ûndersocht.

De Halsbânrintocht dy't sneon yn Penjum pland wie, giet net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)