Cambuur ferliest yn Haarlem

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed de lêste wedstriid yn de Gouden Gids divyzje ferlern. De Ljouwerters spilen út yn Haarlem. De thúsploech wûn mei 1-0. De treffer kaam fan Jeroen Ketting yn de 60e minút.
Ut 36 wedstriden yn de kompetysje hat Cambuur 35 doelpunten skoard. Yn de stân einiget de klub fan trainer Dick de Boer op it 17e plak. Kampioen is FC Den Bosch. De Boer hopet dat syn klub takom seizoen better spylje sil mei fjouwer nije spilers.