Boete easke tsjin Biolina

14 maaie 2004 - 00:00

Foar de ekonomyske rjochter yn Ljouwert is freed in boete fan 24.000 euro easke tsjin it bedriuw Biolina. It bedriuw fan Hearrenfean hie ôfslankpillen op de merk brocht mei tefolle kankerferwekkende stofffen. De pillen mei de namme Fat and Burd waarden ein 2002 fan 'e merk helle troch de Voedsel en Warenautoriteit.

Neffens de advokaat fan Biolina leit de skuld by de fabrikaat fan 'e pillen út Tilburch. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)