Museum: each foar eigen streek

© Omrop Fryslân
It museum Willem van Haren op it Hearrenfean wol him mear rjochtsje op de eigen streek. Direkteur Minette Albers sei dit freed by de iepening fan de útstalling Vier dorpen, eén streek.
De eksposyje giet oer de doarpen Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat. De útstalling jout in byld fan it ferline fan dy fjouwer doarpen. Dit jier is it 70 jier lyn dat dy ûnder it bestjoer fan de gemeente Hearrenfean kamen.