Steensma sneon te hôf brocht
De begraffenis fan de yn Irak omkommen Dave Steensma sil sneon yn besletten kring plakfine. Steensma wurdt mei militêre eare begroeven. Minister Kamp fan Definsje is op fersyk fan de famylje by de begraffenis oanwêzich.
De kiste wurdt droegen troch seis direkte kollega's. Ek de man dy't by de oanslach ferwûne rekke is by de útfeart oanwêzich. Op fersyk fan de famylje sil de kommandant fan de lânmacht net by de begraffenis wêze.
Trefwurden:
argyf