Minder kaarten Wâldrock

© Omrop Fryslân
De kaartferkeap fan Wâldrock rint in stik efter op dy fan ferline jier. Der binne no 4.000 kaarten ferkocht, tsjin foarich jier 12.000 op dit momint.
Neffens de organisaazje wie ferline jier in útsûndering om't doe de band Iron Maiden optrede. Wâldrock tinkt noch wol 4000 kaarten te ferkeapjen yn de kommende fjouwer wiken. It giet oars oeral min mei popfestifals. Minsken lykje hieltyd minder ree om in soad jild te beteljen foar in dei muzyk.