'Terp Stiens beskermje'

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan Grien Links wol dat de terp yn Stiens in beskerme status krijt. Sa kinne bouaktiviteiten op de terp ferbean wurde.
De gemeente Ljouwerteradiel en de Zorggroep Noorderbreedte ha plannen om in soarchkompleks op de terp te bouwen. Dêr is ferset tsjin, ûnder mear fan doarpsbelang. It kompleks soe liede ta ekstra parkeardrokte yn it doarp. Grien Links hat de provinsje no frege om de de terp in beskermde status te jaan.