Man falt 20 meter yn stadion

13 maaie 2004 - 00:00

By in bedriuwsûngelok yn it Abe Lenstrastadion is tongersdei in man út Drachten slimferwûne rekke. De 33-jierrige boufakker wie oan it wurk op de nije tribune. Hy stroffele en foel 20 meter nei ûnderen ta. Dêr kaam er mei de holle op in railing telâne.

It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it Akademysk sikehûs yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)