33 kandidaten foar boargemaster

13 maaie 2004 - 00:00

Op de fakatuere fan boargemaster fan Dantumadiel hawwe 33 minsken skreaun. It giet om 29 manlju en fjouwer froulju. De measte kandidaten hawwe ûnderfining as bestjoerder fan in gemeente, benammen as wethâlder.

Kommissaris Nijpels makket oare wike in earste seleksje. Dêrnei praat in kommisje fan riedsleden mei dy kandidaten. En as lêste rûgelet dêr in foarstel foar de opfolger fan boargemaster Jan Eggens út.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)