Telelearen hat noch in kâns

13 maaie 2004 - 00:00

De Waadeilannen moatte it systeem foar telelearen breder ynsette. Sa kin it telekommunikaasjesysteem ek ynset wurde by de plysje of foar in gearkomste fan 'e boargemasters. Dat fynt minister Van der Hoeven fan Underwiis.

De minister wie tongersdei op It Amelân, dêr't in proef mei telelearen rint. Skoalbern kinne sa langer op it eilân bliuwe. De oare eilannen wolle it ek, mar moatte mei foarstellen foar in bredere ynset komme fan 'e minister.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)