Pjutteplakken wurkje gear

13 maaie 2004 - 00:00

De tolve pjutteboartersplakken yn 'e gemeente Dongeradiel sille gearwurkje. Se dogge dat oare om ûnderwiisachterstannen earder op te spoaren. Ek kin sa better ynspile wurde op de hieltyd strangere easken fan de oerheid, lykas de brânwachtfoarskriften.

De gearwurking tusken de pjutterboartersplakken kostet de gemeente wol mear. Dongeradiel moat goed 7000 euro ekstra subsydzje op it kleed lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)