Neikompetysje: Hearrenfean troch

13 maaie 2004 - 00:00

De amateurs fan Hearrenfean (2e klasse) fersloegen woansdei yn 'e neikompetysje GRC fan Grins mei 3-2. Omdat GRC snein de earste wedstriid wûn hie mei 2-1 moasten der strafskoppen nommen wurde. De amateurs fan It Hearrenfean diene dat justjes better. Sy skeaten der fjouwer yn, GRC trije.

FVC waard, ek nei strafskoppen, útskeakele troch Gomos. Burgum spile gelyk tsjin Peize en mei it no snein opnimme tsjin Gomos.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)