CHN wer frijjûn nei bommelding

© Omrop Fryslân
De CHN is flak foar tolve oere wer frijjûn nei in bommelding, earder tongersdeitemoarn. Der is gjin fertocht pakketsje fûn. Om tweintich oer achten kaam de melding en waard de skoalle yn in kertier tiid ûntromme. De Rengersleane wie de hiele moarn ôfset.
De bommelding yn 'e Christelijke Hogeschool Noord-Nederland is de twadde yn twa dagen tiid. Woansdei moast it stedskantoar ûntromme wurde. De plysje ûndersiket de saak.