Nijbou Piter Jelles Dokkum
Skoallemienskip Piter Jelles yn Dokkum mei nijbouwe yn Dokkum. De polityk hat dêr tastimming foar jûn. It giet om in nije festiging foar Daltonûnderwiis oan 'e Parkleane.
De nije skoalle bestiet út twa ferdjippings. Hy komt njonken de nijbou fan it Dockingakolleezje. De Daltonskoalle sit no noch oan 'e Rûnwei-Noard yn Dokkum.