Gjin ferfolging skûtsjeskippers

© Omrop Fryslân
Ploechjesilen op in skûtsje mei, sûnder dat der ekstra feilichheidsmaatregels binne. It Iepenbier Ministearje hat de ferfolging fan sân skippers seponearre. Se wienen bekeurd om't de gasten oanboard gjin swimfest oan hienen. Der wie ek gjin reling.
De fiif gemeenten dêr't de regel jilde dy't de skippers dêrmei oertrêden, ha dy regel ôfskaft. It IM ferfolget wol in tal skippers dy't lanlike feilichheidsregels oertrêden hawwe.