Speurhûn ynset om bom te sykjen

© Omrop Fryslân
Likernôch 700 amtners fan de gemeente Ljouwert moasten woansdeitemiddei it Stedskantoar ferlitte fanwege in bommelding. Se waarden oerbrocht nei stedsskouboarch De Harmonie. De amtners koene pas om 16.15 oere werom.
It pakketsje mei dêryn in bom soe besoarge wêze by it neistlizzende postkantoar. Fanút Haarlem wie in spesjale speurhûn oerbrocht dy't yn it postkantoar sykje moast nei de bom. Der waard lykwols neat fûn.