Stedskantoar ûntromme

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter Stedskantoar hat woansdei fan 13.10 oant 16.15 oere ûntromme west fanwege in telefoanyske bommelding. Dêrby waard sein dat it gebou binnen 20 minuten ûntromme wurde moast. Oars soe in pakketsje ta ûntploffing brocht wurde. Dat barde lykwols net. It gebiet om it stedskantoar wie hielendal ôfsletten foar it ferkear. Ek de brêgen stiene omheech. Helpynstânsjes stiene klear foar it gefal der dochs in bom ûntploffe soe.