Stoflik omskot nei Ljouwert

12 maaie 2004 - 00:00

It stoflik omskot fan Dave Steensma, de Fryske militêr dy't moandei yn Irak om it libben kaam is, wurdt woansdei werom brocht nei Nederlân. It fleantúch komt middernacht oan op de fleanbasis yn Ljouwert. Op de basis yn Al Khidr yn Irak wie woansdei in ôfskiedstsjinst.

Yn Ljouwert tille kollega's fan de ferstoarne militêr de kist út it fleantúch. Dêrnei wurdt it lichem oerdroegen oan de famylje. It is noch ûnbekend wannear't er begroeven wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)