Keamerleden dochs nei Irak

12 maaie 2004 - 00:00

De reis fan seis leden fan de Twadde Keamer nei Irak giet gewoan troch. De keamerleden bringe tongersdei, freed en sneon in besite oan de 1270 Nederlânske militêren yn Irak. De oanslach wêrby't in militêr út Frjentsjer om it libben, is net in reden om net te gean.

It is krekt in ekstra reden om wól te gean. Dat hat de foarsitter fan de fêste keamerkommisje fan definsje sein. Ien fan de keamerleden dy't meigiet is Ronald Kortenhorst fan it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)