Acht jier sel easke foar moard

12 maaie 2004 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is acht jier selstraf easke tsjin in bewenner (29) fan it azc yn Frjentsjer. De man út Dagestan soe yn it azc fan Harns in Afgaan (33) 'met voorbedachte rade' deastutsen hawwe.

De twa hienen rûzje oer de bern fan ien fan har. Se wennen doe beide yn it azc fan Frjentsjer. Nei de rûzje is de Afgaan oerpleatst nei Harns. De Dagestaan stuts him mei in mes yn 'e hertstreek. Utspraak is 25 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)