Jild foar Fryske Gea

12 maaie 2004 - 00:00

It Fryske Gea krijt fan de provinsje Fryslân hast 230.000 euro. Mei dat jild kin de natuerorganisaasje in begjin meitsje mei de bou fan in besikerssintrum yn de Alde Feanen.

Dat besikerssintrum komt by Earnewâld. It jild is útkeard as in foarskot op de definitive subsydzje. Gemeenten en it ministearje fan Lânbou en Fiskerij komme ek noch mei jild foar it besikerssintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)