Soad Fryske poppen wurde yninte

12 maaie 2004 - 00:00

Nergens yn Nederlân wurde sa folle lytse poppen yninte as yn Fryslân. Mei Grinslân en Drinte hat de provinsje de heechste intsifers. It giet om de prik fan DKTP (diftery, kinkhoast, tetanus en polio). Oer hiel it lân nimt it tal intings ôf.

Yn fjouwer Fryske gemeenten binne minder poppen faksinearre as oer it gehiel. Dat komt om't der net folle minsken wenje. It giet om It Amelân, Flylân, Ferwerderadiel en Gaasterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)