Fryske froulju nei konferinsje

12 maaie 2004 - 00:00

Fjirtich froulju út Fryslân, Grinslân en Drinte dogge nije wike sneon en snein mei oan in Europeeske frouljuskonferinsje. De byienkomst wurdt hâlden yn Spanje en giet oer earmoed en geweld.

De froulju sille foaral prate oer de effekten dy't de nije Europeeske grûnwet ha sil op de posysje fan de frou. Emansipaasjeburo Equa út Ljouwert hat it inisjatyf naam foar de Fryske dielname oan de konferinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)