Frysk Baneplan docht fertuten

© Omrop Fryslân
It giet goed mei it Frysk Baneplan. De provinsje hat al twa miljoen euro útkeard oan fjouwer bedriuwen. Dat smyt hast 350 banen op. De provinsje wol mei it baneplan foar 2005 tûzen minsken oan wurk helpe.
De provinsje komt ek mei in nije regeling. Fia in leansubsydzje moatte 400 minsken oan in baan holpen wurde. It projekt is foar jongeren ûnder 29 jier. Hieltyd mear jongeren kinne yn dizze tiid dreech oan wurk komme.