Bern wegere by skoalswimmen

11 maaie 2004 - 00:00

Bern fan de iepenbiere skoalle fan Marssum binne tiisdei fuortstjoerd by swimbad Schatzenburg yn Menaam. De bern hiene skoalswimmen, mar eigner Van Booma fan Schatzenburg wol earst jild sjen fan de gemeente Menameradiel.

Dit jier ferhege Van Booma de priis fan in kaartsje nei 10 euro de kear. Dat jildt ek foar it skoalswimmen. Neffens Van Booma moast de gemeente foar maaie 24.000 euro oermeitsje en dat wie net bard, sa krigen de skoalbern te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)