3 bevers ûntsnapt út Aqua Zoo

© Omrop Fryslân
Ut otterpark Aqua Zoo by Ljouwert binne in wike ferlyn trije bevers ûntsnapt. Moandei is waard in eksimplaar sjoen by de fierljepskâns yn Burgum. Tiisdeite- moarn waard ien fan de bevers fongen by transportbedriuw Tiltrans, ek yn Burgum.
De trije Kanadeeske bevers koene útnaaie om't de betonnen râne ûnder de ôffreding oan it ôfbrokkeljen wie. De bevers hawwe har dêr ûndertroch nei de frijheid groeven. De betonnen râne is yntusken wer reparearre.